Frouljuskleaster Ealsum belibbe rûge tiden (bron: Leeuwarder Courant):

Doe’t arbeiders yn 1886 de terp fan it kleaster Ealsum by Jirnsum ôfgroeven, seagen hja nuver op fan it grutte tal minsklike resten dy’t hja fûnen. Der waarden tusken 800 en 1000 skeletten fûn. Sjouke de Zee, dy’t sawat 45 jier letter yn de Hepkema’s Krante opskreau wat er as jonge yn 1886 allegearre sjoen hie, fertelt dat de bonkerakken yn brede rigen bleat kamen te lizzen. Guon leine yn mitselde deakisten. By inkelden wienen, sa fertelde De Zee, noch dielen fan it âlde lykwaad oanwêzich. Dat waard, as men it oanrekke, dalik pulver.

Bûten de twa hôven dy’t der doe fûn binne, waard der ek noch in tredde plak mei in soad deaden fûn. De Zee: “Koe men by de foarige grêven noch fan oarder een regel prate, hjir lei alles op en troch inoar hinne; in bewiis dat dit beierdigjen hjir hastich en sûnder soarch en oarder plak hân hie.”

Wy witte hoe’t dat massagrêf ûntstien is, en ek krekt wannear: op 12 oktober 1463. Op de alfde nammentlik is der op it kleasterterrein en yn de omkriten in grouwelige fjildslach útfochten, dêr’t in protte striders de dea fûnen. De deaden binne in dei letter yn in massagrêf begroeven.
It hie te krijen mei de yn de fyftjinde ieu hieltyd werd oplôgjende oarloggen tusken de Skieringers en Fetkeapers, twa partijen yn Fryslân dy’t elkoar op libben en dea bestriden. De slach fan 1463 hie in hiele foarskiednis, dy’t al yn 1458 begûn wie.

De Fetkeapers hienen yn de streek fan Jirnsum, Akkrum en Aldeboarn yn dy jierren in soad te fertellen. De belangrykste fan har wie Janko Douwema, dy’t op de Douwemastins tusken it kleaster Ealsum en it doarp Jirnsum wenne. Syn wichtichste meistanner wie Jouke Galema yn Eagmaryp.

Mar der wennen ek Skieringers yn de omkriten: de Abbinga’s dy’t op Abbenwier wennen, en de bruorren Agge en Haring Donia.De Donia’s wienen by de Skieringer partij, mar se beskôgen har as freonen fan Douwema, omdat hja tochten by dizze machtige man mear berikke te kinnen as by har eigen partij. Douwema hat der tinklik net safolle foar field, en de freonskip fan de Donia’s ferkearde yn bline hate.
De oarloch liket begûn te wêzen troch de Fetkeapers. Ien fan har, Fokke Eeskes fan Meskenwier by Akkrum, oerfoel yn 1458 de stins fan de Abbinga’s. By de strideraasje yn de jierren dêrnei krigen de Fetkeapers twa kear bot op’e hûd; alle beide kearen by de Hottingasyl, tichteby it kleaster.Uteinlik kaam it yn de hjerst fan 1463 te de grutte slach. De Zee skreau: “De moarns fan de 11de oktober 1463 waard de grutte, mar ek bloedige dei, en nei’t it Skieringer leger yn folle wapenrissing op skombekjende gudzen oer de Nijedaam fan de Jirnsumer Syl ried, wie it in wikseljende wiksel fan blinkend ljocht, dat op de harnassen skittere.” De Skieringers tochten dat hja mei har oermacht winne soenen, mar Douwema wie in man mei strategysk ynsjoch. Dêrtroch wist hy it leger fan de tsjinstanners sa oan te pakken, dat it foar it grutste part ferneatige waard.

De Zee: “De jûns moat it kleasterhiem en fjild te Ealsum in freeslik oansjen west ha. Rûnom leine de deaden en de ferwûne striders. Wolno, de lêsten waarden binnen de kleastermuorren sa goed mooglik fersoarge en âld pater Klaas hie mei Anken Egges de hannen fol om pluksel te raffeljen út linnen dat yn steapels nêst him lei yn de grutte seal. Mater Lisk dribbelt fan de iene keamer nei de oare om bêden yn oarder te bringen, dêr’t de susters en lekebruorren de stakkerts op delflije, wylst master Wiltsje al mar dwaande is om de wûnen te súverjen.”

De boeren fan Janko Douwema hawwe de oare deis in grut gat yn de kleasterterp groeven. Omdat der noch hieltyd gefaar driigde fan in Skieringer tsjinaksje, waarden de deaden yn sân hasten yn it grêf smiten en bedobbe.

Ut it boppesteande wurdt dúdlik dat de kleasters yn dy jierren fol striid en noed net mei rêst litten waarden. Om partij te wêzen yn in oarloch wie alhiel net de bedoeling fan de susters, dy’t it kleaster befolken. It nonnenkleaster is wierskynlik in 1417 stifte. As stifter wurdt Jieuke Aelsuma neamd.

It kleaster waard oprjochte op it plak fan it doarp Ealsum. Dat doarp hie al lang in tsjerke. It kleaster waard gewoan by dy tsjerke oanboud.Soks ferklearret ek, dat der bûten it al beskreaune massagrêf twa tsjerkhôven fûn binne; it iene wie fan it doarp, it oare fan it kleaster.

Yn de oarloch om 1460 hinne is it kleaster noch sparre. Yn 1521 waard it hiele kompleks platbarnd troch de Boergondiërs. It is lykwols fluch werd opboud, want de jierren dêrnei wurdt kleaster Ealsum werd ferskate kearen neamd. It is mei Ealsum gien as mei fierwei de measte oare Fryske kleasters: nei de oergong fan Fryslân nei de Reformaasje is it ôfbrutsen.